Bevrijdingsfeesten-2

Bevrijdingsfeesten-2
©: Dicky Gardenier-Klapwijk

Dit drietal kinderen van Riepke Blom zal in 1945 tijdens de bevrijdingsfeesten op de foto zijn gezet, gezien de tekst op het bordje. Hoewel, achterop staat: ‘Drie kinderen van Riepke en Jantje, dorpsfeest 1946.’ Dat lijkt een misverstand omdat er in dat jaar geen dorpsfeesten waren en die waren er zeker wel in 1945, zoals meerdere foto’s bewijzen. Er was dus ook een optocht van ‘versierde’ kinderen en de kinderen van Riep en Jantje Blom-Sipma deden ook mee. Natuurlijk deden die mee kun je zelfs zeggen omdat van Jantje bekend is dat zij uitbundig meedeed aan allerlei activiteiten in het dorp.

Intussen wonen Catharina, Sjoerd en Adrie Blom (vlnr) niet meer in ons dorp. Catharina trouwde Klaas de Bruin en woont in Ruinen. Adrie heet nu Haasjes-Blom en woont eveneens in Ruinen. Sjoerd is in 2000 overleden.

Op deze foto kwam een leuke reactie binnen van Willem de Wilde, zoon van Thomas de Wilde, de timmerman die in dit verhaal een hoofdrol speelt. Willem vertelt het zelf aldus:

‘Eefkes in ferhaaltsje nei oanlieding fan it stikje oer de foto fan Adrie, Ketrina en Sjoerd Blom yn de Skille. It is net wurdlik wier, mar sa sil’t ûngefear gien wêze.

Ik kin my herinnerje dat yn de simmer fan 1945 of 1946 (dat wit ik ék net mear) op in jûne master Grunstra by myn heit Thomas de Wilde, timmerman oan de Nesserwei J 50 (no Ald Tún 8) yn de timmerwinkel kaam. Dizze master Grunstra wie in artistyk man, hy koe hiel moai fertelle, tekenje en fioelspylje en wie ek in beste master. Hy wie by Riep-en-Jantsje yn de kost.

‘Thomas’, sei master, ‘kinne jo foar frou Blom ek in boerd meitsje, sa en sa grut ûngefear, mei in stôk deroan om it omheech te hâlden? Ik moat it dan opskilderje, -Frede yn Fryslân- moat der op stean en de bern moat it meidrage yn de optocht.’

Us heit, wurrich fan it wurk en mislik fan’t gefreech om plankjes en latsjes foar it feest grommele “te drok!...wol wat oars te dwaan … gjin geskikt hout … is al let.’en sa. Us heit wie net sa’n feestfiguer. Frou Rieps’Jantsje wól! Master sei: ‘Dat kin’k begripe, ha’k ek al tsjin Jantsje sein! Mar dy rôp: ‘Gjin geseur!, nei Thomas om in boerd en dan oant skilderjen, ferve ha’k al by Jelle (Walda) helle, avensearje!! It moat oaremoarn droech wêze !!!!’Dat sadwaande bin ik hjir.’ Heit seach noartsk en sei: Ik wol der gjin ged..och mei ha! Dat âld feest ek! Hoe krije se it yn ‘e holle!

‘Man, Thomas, sei master, ‘Om des leave fredes wil, as jo it dan net om it feest, of om Riepe’e Jantsje en har bern, it doarp of wit ik wêrom net dwaan kinne, doch it dan om my en om de frede yn Fryslân te bewarjen !!!!

It boerd is makke en beskildere, sa’t wy op de foto sjen kinne en wy ha noch altiten FREDE YN FRYSLÂN.’

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: Dicky Gardenier-Klapwijk
Lees meer

Gerelateerde informatie


Vensters