Earste skeppe Lou Sânen


Earste skeppe Lou Sânen
©: RT, foto 1934

Taspraak op 4 desimber 1997

by gelegenheid fan de earste skeppe yn it nijbouplan Lou Sânen.

Achte oanwêzigen,

Nei 't Piter jim alles ferteld hat oer it ûntstean fan dit nije bouplan oan my de ear om te besykjen jimme út te lizzen hoe't dit plan oan sa'n moaie namme komt: Lou' Sânen.

Lit ik begjinne mei te stellen dat Nijtsjerk rom bemetten is mei moaie histoaryske nammen, ik moat der fuort by sizze dat itselde jildt foar hast alle doarpen om ús hinne. Doe't yn 1973/4 de nammejouwingskommisje gear moast oer nije strjitnammen hat men net blomkes, fûgels en fisken foar kar nommen mar hat men de befolking frege nei besteande nammen, nammen dy't eins al lang yn gebrûk wiene mar nea offisjeel fêststeld wiene. Sa't jim faaks witte waard foar 1974 in letter brûkt en in nûmer: ik wenne doe bygelyks op J (de letter foar Nijtsjerk) 145 F, de skoalle hie J 303, ik wie in jier lang kostgonger by Jehannes en Jel Blom op it adres J 213, ensfh. De earste kear dat de nije strjitnammen brûkt waarden wie op in doarpsjûn ûnder lieding fan Aant de Vries en Piter Buwalda. Se seine net fan "goejûn Nijtsjerksters", mar fan "goejûn minsken fan de Ald Tún, Doktersfiif, Ropsterwei” ensfh.

Guon nammen dy't doe nei foaren kamen wiene al hiel âld, al út de tiid fan it ûntstean fan Nijtsjerk. Dêrby kin tocht wurde oan Ald Each, Berchhuzen, Langgrousterwei en de Grienewei, harren ûntstean leit om 1200 hinne. Ek nammen as De Buorren en de Buorfinne komme foar 1700 al foar. Mear as hûndert jier lyn binne de nammen Bartenswei, Ald Tún en Mûnewei ûntstien.

Fjouwer strjitnammen yn ús doarp binne neamd nei persoanen, persoanen dy't op de ien as oare wize in wichtige rol yn it doarp spile ha en dêrtroch it ferneamen wurdich wiene. Yn 't foarste plak fansels de Foeke Sjoerdsstrjitte, neamd nei de ferneamde skoalmaster en skiednisskriuwer. Dan de Ropsterwei (nei Ropta State) en Sjoarde, neamd nei in famylje dy't hjir om 1500 hinne in stins hie. De Doktersfiif is sa neamd nei in stik lân fan fiif pûnsmjit dat dokter brûkte om syn hynder op rinne te litten, it hynder dat foar de tilbury moast at er nei syn pasjinten ta gie.

Sels foar gebouwen wurde yn ús doarp histoaryske nammen brûkt: doarpshûs De Terp en bar De Donge. De Terp is wol dúdlik en de Donge is in âlde namme foar it rivierke de Peazens.

Mei sa'n eftergrûn is fuort dúdlik dat foar it nijbouplan ek in histoaryske namme betocht wurde moast. Eins wie dat net iens nedich want der bestie al sa'n namme: Lou' Sânen. De twa stikken lân foar de huzen oan de Mûnewei oer ha al lange jierren dizze namme. Al sa lang dat men fan it ûntstean net iens mear wist, de namme waard ek wolris útsprutsen as Louwersânen as soksawat. Dochs waard de namme wol altiten brûkt. At winterdeis de Fiver noch net sterk wie, rieden de bern op Lou' Sânen; de sleat tusken beide stikken lân yn. Elke mem yn Nijtsjerk wist wat in bern bedoelde at er sei: "Ik gean te reedriden nei Lou' Sânen, hear!" As feestterrein is de earste sâne ek noch bekend. Doe't er noch gjin sportfjild De Fiver wie, Russings trije ek noch net brûkt waard, it terrein dat notiids brûkt wurdt, waard Lou' Sânen hjirfoar brûkt.

No de ferklearring fan de namme.

De Sânen yn dizze namme is gau ferklearre; beide stikken lân binne sawat sân pûnsmjit grut, dus net de sâne, sa't it mei ien stik lân fan 7 pûnsmjit wêze soe, mar de sânen. Op sa'n manear hat dizze namme wol wat fan de Doktersfiif, se binne op deselde wize ûntstien.

It foarste stik fan de namme is in stikje doarpsskiednis foar nedich. It docht bliken dat nei 1810 op de pleats fan notiids Jaap Torensma in sekere Lou Piters Heeringa wenne hat. Hy wie in Nessemer fan berte, kaam út in famylje mei aardich modder oan'e kloet dat sadwaande sil er dizze pleats wol keapje kinnen ha. Lou en syn frou Ytsje ha net iens sa hiele lang op dizze pleats wenne, letter wenje se op Bollingwier. Mar de beide stikken lân fan sân pûnsmjit dy't noch altiten syn namme drage (de sânen fan Lou, dus: Lou' Sânen), hat Lou wol yn besit hâlden. De pleats waard ferhierd oan Tseard Sybenga en Sjouke Holwerda en doe't de lêste stoar, dat wie om 1870 hinne, is de âlde pleats ôfbrutsen en kaam dêr de hjoeddeiske pleats mei dy typearjende foarein foar yn 't plak. Dat wie ek it momint dat er wer in Heeringa kaam te wenjen: Bearn Idses Heeringa, oerbernsbern fan niisneamde Lou.

De beide stikken lân ha altiten de namme fêsthâlden fan Lou Piters Heeringa, in namme dy't no dus feriuwige wurdt yn de strjitnamme fan it nije bouplan. Ik hoopje dat de nije bewenners aanst mei nocht oan de Lou'Sânen wenje meie en dat dizze nijbou ús doarp nij bloed jouwe sil en inisjativen foar de takomst. Mocht it nochris safier komme dat de Lou' Sânen folreitsje en dat er in sydstrjitte makke wurde moat, dan binne dêr ek wol histoaryske nammen foar beskikber. De beide stikken lân efter de Lou' Sânen, tsjin de Lyts Ein oan, hieten fan De Kegen en yn it earste stik Keech wie ienris in Dobbe. Oare stikken lân hjir hite fan Bouwe' fjouwer en Thomas' trije. Kar genôch dus. Mar safier is it noch net, earst moatte der huzen boud wurde oan de Lou' Sânen.

Tankewol foar jim oandacht.

Colofon

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: RT, foto 1934
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s