Feije en Sibbel


Feije en Sibbel
©: RT, foto 1980

Yn 1871 giet Feije Jans Dijkstra fan de pleats ôf dêr’t Jouke Hoekstra no wennet, Bollingwier 2. Reitze Idses Bierma en Froukje Feijes Dijkstra (de dochter fan Feije Dijkstra) buorkje dêrnei op dizze hiele âlde pleats, mooglik fan sawat 1750. Spitich dat dizze prachtige pleats letter ôfbaarnd is.
De soan fan Reitze en Froukje, Feije Reitzes Bierma, berne yn 1864, en syn frou Sibbeltje Kloostra begjinne sawat yn 1900 op dit bedriuw, se wenje dan by heit en mem yn.
As de âlde Reitze Bierma komt te ferstjerren yn 1918 moatte sy eins de pleats oernimme mar dat slagget harren finansjeel net en dêrom wurdt de boel ferkocht, yn 1918 de pleats en it lân, yn 1921 wurdt der boelguod hâlden en wurdt it in ‘Hoekstra-pleats’.

Feije en Sibbel sille beide hiel âld wurde: Feije wurdt 95 en Sibbel wurdt 100 jier foar’t sy yn 1990 komt te ferstjerren. Hja wenne doe al yn De Skûle, mar dêrfoar wenne se jierrenlang op De Buorren nûmer 39 (no Wiep en Gerda). Har suster Minke Weidenaar-Kloostra wurdt noch âlder want dy hellet de 102 jier! Hja binne de sterksten ûnder de sterken!

Colofon

De Doarpsskille, september 2012

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: RT, foto 1980
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s