Juf Woudwijk-Meijer - Herinneringen


Juf Woudwijk-Meijer - Herinneringen
©: RT, foto 1954

Myn tinzen geane werom nei 22 juny 1951, de dei dat ik slagge foar ûnderwizeres. Doe’t dy jûns by ús de keamer fol minsken siet, stoppe der in auto en dêr rûgelen fjouwer mannen út. It wiene leden fan it skoalbestjoer. Sy sieten ferlegen om in juffer en fregen oft ik har út de need helpe woe. Ik sei dy jûns allinnich ta dat ik komme soe om ris te sjen. Mar earlik sein: Ik hie noch nea yn Nijtsjerk west en dy keale klaai luts my ek net sa.... Mar hawar, ik soe it spul besjen en de oare wike rekke ik der op in middei hinne mei de bus.
Op ‘e hoeke by ‘Oane Ages’ stie âlde Faber my al op te wachtsjen! Ik sjoch my noch mei him troch de buorren rinnen nei de skoalle, dêr’t ik opwachte waard troch master Wiersma sr. en noch in pear. Ik mien Rozendal de smid en P. Holwerda. Doe’t ik alles besjoen hie, fregen hja: ‘En wat seit de juf no, it moat mar oangean net?’ ‘Ik sil dochs earst proefles jaan moatte?’ Nee, dat hoegde net. Ik hoegde allinne mar ‘ja’ te sizzen (sa gie dat yn dy tiid fan krapte!). No, it gie oan, en efkes letter pandere ik wer mei Faber troch it doarp. No nei de Buorfinne om by Reinder en Minke Buwalda in kosthûs te besprekken. Dat siet samar yn kannen en krûken en dat waard myn ‘twadde thús’.
Al mimerjend skriuw ik mar fierder.
Yn july kaam ik dan foar it earst foar myn eigen klasse. As ik yn myn âld klasseskrift sjoch nei alle nammen fan de bern dy’t ik les jûn ha (135 stiks) dan sjoch ik harren wer dúdlik foar my. Der stie lytse Hennie foar de klasse. Mei ynmoed song se:
‘Opent uwe mond – ijsko van mijn moeder...’
En it moaie wie, der lake nimmen om. En juf learde der fan, dat se psalmferskes noch better útlizze moast. Dêr sjoch ik se wer sitten yn it efterste lokaal. Alle oandacht by de Bibelfertelling – sommige bern noflik mei de tomme yn ‘e mûle – en as ik klear wie, gie der in sucht troch de klasse.
En dan it weromfertellen – kostelik wie it soms. Ik helje in pear herinneringen op. De skiednis fan Naäman, Elisa en Gehazi. Elisa sei: ‘Wêr komsto wei?’ Gehazi sei: ‘No nergens, ik ha hjir allinnich mar wat omstrúnd.’
Petrus by Simon de ‘lederbereider’: ‘Hy wie by in man dy’t learen jassen makke!’ Wie’t net kostelik?
De bern hellen en brochten my fan hûs nei skoalle en moandeis stie der in kloft by de bushalte! It wiene allegearre ek in bytsje myn bern. Ik fielde my thús yn it klaaidoarp!
Stive minsken? Niks fan wier, gol en blier, en wat hie’k in bewûndering foar dy memmen mar har grutte húshâldings. Kreas kamen se foar de dei – de Faberkes, Couperussen, Weidenaars, Heeringa’s – om mar in pear te neamen. Ik moat ophâlde mei myn mimerderij, want oars wurdt it in boek! Mar dit wol ik noch al efkes kwyt:
‘Ik bewarje oan dizze earste perioade yn myn loopbaan as skoaljuffer de moaiste herinneringen! En ik bergje dy yn my op as kostbere stikjes goud.’

Colofon

De Doarpsskille – Extra Edysje Skoallereuny – 26 maaie 2018

© Tekst: G. Woudwijk-Meijer © Foto voorblad: RT, foto 1954
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s