Kafee 'It Hoekje' - Oantinkens


Kafee 'It Hoekje' - Oantinkens
©: NDC

Doe’t wy freed thúskamen fan fakânsje en de steapel post neiseagen, lei dêr de eerste Doarpsskille foar ús, dy’t wy sûnt ús ferhúzjen út dit doarp net wer lêzen hiene. Efkes sitte en lêze en ja hear, de âlde tiden komme foarby. Wy sieten tegearre de tiid fan doe efkes oer te eidzjen, herinneringen op te heljen. 
Earst ha wy wenne oan de Langgrousterwei, tsjinoar Thijs en Tsjitske de Vries yn de ‘reade húskes’. Neist it hûs hiene wy in grientetún mei puoltsjes, snijbeane en soksawat. Tsjitske learde my hoe’t ik dizze griente yn wekflessen dwaan koe om it te bewarjen. Ik sil de flessen wol fan har krigen ha, mar dat wit ik net mear. De frieskist wie der noch net dus moast it sa, mar it wie in hiel wurk. 
Neidat we in pear jier yn it bûtenlân wenne ha, binne wy wer werom gien nei Nijtsjerk om dêr it kafee oer te nimmen. No dat wie wol hiel wat oars, want yn in kafee hie ik noch nea west, omdat dat yn ús jonge jerren net sa hearde. Us âlders wiene der dan ek net sa bliid mei dat wy der mei begûn bin. Dat ik it fak noch net yn ‘e fingers hie (ik kaam sels út de soarch) die bliken. ‘Asto efkes oppast, dan sil ik gau efkes nei slachter Brand ta,’ sei Eppie. No gjin punt, tocht ik, want faak wie dit in rêstige tiid. Mar doe’t ik de bel fan it kafee hearde, skrok ik al, want jeetje doe moast ik der wol hinne fansels. ‘A, goeie, de nij basin, hast ek in tapke,’ waard my frege. Mar ik hie noch net mei de tap oan’e gong west, omdat wy noch oan it útpakken wiene. Ik ha it twa kear prebearre mar it wie oars net as skûm. Jasper seach dit en sei: ‘Ik sjoch it wol, dit wurdt neat, jou my mar in fleske.’ It is letter nei wat oefenjen wol goed kaam hear. 
Al mei al ha wy in prachtige tiid hân yn it kafee. Moarns kamen de mannen fan it PEB en it gasbedriuw te kofje drinken en dan om tolve oere faak wer te iten en efkes in kaartsje te lizzen. Dat wie altiten in gesellige sfear. We binne begûn mei in droech woarstje en in gehakbal. Mar dat waard al gau mear en op’t lêst wie der fan alles te krijen. Ek de âldsjes, Jehannes, Kees, Eelke, Sjouke en Jacob kamen dan efkes del en as dan sneontemoarns Andries de feekeapman derby kaam en Jantsje noch efkes oanwipte, dan fleagen de sterke ferhalen oer de tafel. Jacob naam meast farske griente foar ús mei, want der groeide altyd tefolle op syn túntsje. 
Fêste jûnen wiene der om te kaarten, de iene wike klaverjasse en de oare wike skutjasse dêr’t Oane Ages grut fan fan wie. Ek in jûn om te biljerten en soms noch in bingo-jûn, dy’t dan troch Durk de Jong regele waard. 
It wie in tiid dat de kafees om tolve oere jûns ticht wêze moasten. Mei útsûndering fan sneons, dan wie it ien oere. Mei kaarten en al sa mear moast men fergunning oanfreege by de gemeente en dan mochtest om ien oere ticht wêze. Der wie ek streng kontrôle op. Wy ha it op sneontejûn wol hân dat we mei in lyts ploechje sitten bleaune. De doar op’t slot dan koe der net samar ien ynstappe. Klaas van der Ploeg obere dan en Tryn, syn frou, regele de keuken as it nedich wie. Wy koene der dan efkes by sitte en in boarrel nimme. Soms waard der op de doar kloppe, it wie al nei ienen fansels en dan stiene de plysjes foar de doar. De klanten waarden gau nei boppe stjoerd, se wisten wol hoe let it wie. Hjir en dêr lei dan in slof of in skoech want it moast fluch en súntsjes fansels en wy diene krekt as wiene wy oan it oprûmjen. Fansels ha de plysjes dat wol yn ‘e gaten hân, mar se koene gjin bekeuring jaan want oer it privee hiene se neat te sizzen. 
Ek mei de jongerein wie it altiten gesellich en hiene we nei myn idee net folle spul. Klaas en Tryn en Sietse en Ymie stiene altyd foar ús klear. As wy ris fuort moasten as efkes mei fakânsje woenen, dan namen sy it wol waar. 
Us Durk is yn it kafee berne. Dat is dêr net faak bard, miskyn wol nea earder mar dat wit ik net. Hy stie in protte allinnich boppe yn ’t jister, want der wie altyd wol drokte ûnder. Neffens Durk syn sizzen hat hy der neat oan oerhâlden. Lokkich kaam Foppe faak efkes lâns as hy thús wie fan syn wurk, om Durk op te heljen en dan gie er mei Foppe op ‘e fyts. 
Ek de winter fan 1979 wie wat bysûnders. In sniestoarm hie alles lam lein en dielen fan it doarp wiene ôfsletten. Men koe hast nearne komme. Guon koene gjin kant út, sa bot wiene se ynsnijd. De snie lei meters heech en benammen foar de âlderein wie it lêstich. In protte Nijtsjerksters kamen efkes nei it kafee foar in praatsje, want je koene net in kant út. Foar de radio waard frege om krisissintrums te iepenjen yn de doarpen en fan dêr út help te bieden. Sa melden wy ús ek oan, wol mei tastimming fan ús fêste klanten, want sy moasten de opdrachten útfiere fansels. Wa’t help nedich hie, koe ús skilje. Ferskate opdrachten waarden útfierd. By Sjouke op ‘ e tille moast snie skept wurde, want hy siet hielendal ynsnijd. Dêr gie in ploech hinne om snie te romjen. It stiet my sa by dat se him doe ek mar efkes meinaam ha nei ‘It Hoekje’. Foar minsken dy’t net nei bûten koene, moasten der wolris wat boadskipkes dien wurde. It waard allegearre regele yn it krisissintrum en der kamen hieltyd mear helpers. In bysûndere sfear wie der doe: sa mei elkoar dat is it echte doarpsgefoel.
Nei fiif jier binne wy der dochs mar mei ophâlden. Wy ha op ‘It Hoekje’ in moaie gesellige tiid hân. De klok dy’t wy krigen by ús ôfskied, hinget noch altyd by ús yn ‘e keamer.

Colofon

De Doarpsskille Reuny Edysje, september 2012

© Tekst: Eppie en Sietske Weidenaar © Foto voorblad: NDC
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s