Meester Hendrik Winkler
Yn 1990 kaam der in âld man mei in man en in frou fan middelbere leeftyd de skoalle yn setten. It wie nei skoaltiid, de bern en it oare personiel wie al nei hûs. It die bliken dat de man dik oer de njoggentich wie, Hendrik Johan Dirk Winkler hiet en yn 1920-1921 skoalmaster oan de kristlike skoalle fan Nijtsjerk west hie. Hy hie noch in stel skoalfoto’s út dy tiid en om’t syn bern (de man en de frou dy’t by him wiene) der fierder gjin belang by hiene, woe hy dy foto’s mar oan de skoalle skinke. Geweldich fansels want dy foto’s wiene (my) net bekend.
Neifraach by âldere Nijtsjerksters learde dat se dizze master noch net fergetten wiene. Oer syn lesjaan wisten se net folle mear, mar dat er streng wie, dat hiene se goed ûnthâlden.
Sa sieten Renze Postma en Ale Bosscha neist inoar yn ‘e bank op skoalle. Ale wie twa jier âlder, mar twaris sitten bleaun. Op in kear frege hy oan Renze wat it antwurd wie op in som. Renze sei it him foar, mar Winkler hie it yn ‘e stille klasse heard. Hy nei de jonges ta: ‘Wat zei jij daar, Renze?’ Neat master. ‘Steek je tong uit,’ woe hy doe ha. Renze stuts syn tonge út, mar op it momint dat Winkler him ûnder tsjin it kin slaan soe, helle er syn tonge nei binnen en de skea foel ta, al krige er noch twa klappen tsjin ’t wang. Doe gie master nei Ale ta. Dêr gie it allyksa, allinne fergeat Ale om syn tonge op ‘e tiid werom te lûken en sa krige er de mûle fol bloed.
Der is út dy tiid noch in rymke bekend dat troch de bern oer master Winkler betocht is:
Naald en draad en vingerring
Meester Winkler is een kring
’s Avonds gaat hij naar zijn vrouw
’s Morgens slaat hij de kinderen blauw
It kloppet net alhielendal om’t Winkler net troud wie, mar it tekenet de situaasje al. Nei Winkler kaam der in master Dam en it rymke waard ek op him tapast:
Naald en draad en vingerhoed
Meester Dam die is zo goed
’s Avonds gaat hij naar zijn vrouw
’s Morgens leert hij de kinderen trouw
Twa jonges goaiden master Winkler ekris mei snieballen. De earste wie mis, mar de twadde rekke syn piip dy’t yn twa stikken op ‘e grûn foel. Master Winkler skrok sa dat er fan ‘e fuotten rekke en heal yn ‘e sleat, dy’t doe noch by it Lykpaad (no Foeke Sjoerdsstrjitte) lâns rûn, telâne kaam.
It ôfskie fan Nijtsjerk wie ek net sa geweldich. Master Winkler hie nammentlik by smid Geertsma (letter it bedriuw fan Van Driesum oan de Langgrousterwei) in nije fyts kocht. No mocht dat fansels bêst, mar it wie net sa taktysk fan master om’t syn kostfrou, hy wie yn de kost by Smids’ Anna (is Anna Postma-Buwalda), ek fytsen te keap hie! Winkler hie soks ek goed yn ‘e gaten want hy hie syn nije fyts net by syn kosthús (no De Buorren 8) stald, mar by kunde dy’t wennen yn de pleats fan no Boate Kooistra. Hy gie op syn âlde fyts fan hûs rjochting Boate’ Hoeke, Langgrousterwei lâns, dan it Lykpaad (no De Terp) op en by De Buorren rjochtsôf op nei Nes. Hy ferwiksele dan fan fyts en op syn nije fyts gie er nei Dokkum ta.
Soks wie fansels al gau bekend yn it doarp en ek Anne van Driesum, doe noch feint by Smids’ Anna, kaam it te witten. No wie Anne in bêste keardel, mar o sa opljeppen (hy hie net om neat letter de bynamme ‘Baas Bliksem’). Anne hie der earst neat fan sein, mar doe’t master Winkler ôfskie nimme soe, sei Anne tsjin Smids’ Anna dat er Winkler noch efkes apart nimme soe. Hja sei noch dat er him rêstich hâlde moast (hja lei op bêd om’t hja bloedearmoede hie) en de faam sei: ‘As’t him wat dochst, gean ik fuort.’
Doe’t it momint fan ôfskie kommen wie, sei Anne as lêste tsjin Winkler: ‘Kom noch efkes mei, ik ha noch wat foar jo.’ Hy naam Winkler mei efter de doar en foar’t dy it yn ‘e gaten hie, kaam er yn oanrekking mei de sterke smidsfûsten fan Anne. Smids’ Anna moast fan bêd komme om de mannen útinoar te heljen!
Colofon
De Doarpsskille – Extra Edysje Skoallereuny – 26 maaie 2018