Schoolmeesters 1800-1850, diel 2: Tjeerd Sybenga
Opfolger fan Sjoerd Jansma waard in jongkeardel fan 19 jier út Friens, in man dy't yn letter tiid in protte ynfloed yn ús doarp krije soe: Tseard Jans Sybenga.
Hy docht op 11 oktober 1815, at er 18 jier is, eksamen foar de tredde rang. Hy is dan al ûndermaster yn Wergea mei de 4e rang. Yn 1820 hellet er ek noch de 2e rang, sjoch de akte hjirnêst, mar heger komt Sybenga net.
Hy kaam wol út in skoalmasterslaach, syn heit sil him yn de skoalle fan Friens wol ynwijd ha yn it fak, want syn broer Abe J. Sybenga hellet yn 1822 de 3e rang as er yn Nijtsjerk by syn broer "ondermeester" is. Folle letter, yn 1842, is in oare broer, Jan Sybenga, nochris ûndermaster fan de 4e rang yn Nijtsjerk.
Der binne spitigernôch gjin ferslaggen fan besites fan skoalopsjenners by Tseard Sybenga bewarre bleaun. Wol binne der wat oersichten dêr't syn namme op foarkomt.
Yn 1817: T. Sybenga: Gedrag: goed Vlijt: goed
Yn 1834 (30 oktober) docht skoalopsjenner Marten Martens fan Holwert wiidweidich ferslach fan de tastân yn "syn" skoallen, fan Nijtsjerk seit er:
Staat van het schoolvertrek:
Halve tafels en banken goed
Borden, enz. goed
Verlichting goed
Verwarming goed
Zindelijkheid goed
Staat van het woonhuis: goed
Naam van den Onderwijzer: T. Sybenga, 2e rang
Verstandelijke en Zedelijke hoedanigheden: Zeer Goed
Naam van den Ondermeester: Ruurd Reitsma, 4e rang
Verstandelijke en Zedelijke hoedanigheden: Goed
Getal der aanwezige leerlingen 94
Staat van het Onderwijs:
Vakken Die van den 2e rang
Verdeeling Klassikaal
Manier van Onderwijs Zeer Goed
Vorderingen Zeer Goed
Soort van Boeken Volgens de lijst
Sybenga krijt dus in goed rapport fan de skoalopsjenner, dat bliuwt yn letter jierren ek sa:
Yn 1841: T. Sybenga: Verstandelijk: goed Zedelijk: goed
83 leerlingen aanwezig
Yn 1842: T. Sybenga: Verstand: zeer goed Zedelijk: zeer goed
81 leerlingen
Dat is ek it lêste jier dat de skoalopsjenner by Sybenga komt want dy jout it stokje oer oan Anthonij Blom en giet sels de polityk yn as riedslid, wethâlder en Steatelid. Syn soan Abe Sybenga sil it ta boargemaster fan Eastdongeradiel bringe. Hy ferhuze dêrta nei Mitselwier en ferkocht de âlderlike pleats om dêr in skoallehûs + skoalle fan meitsje te litten (1883).
Colofon
De Doarpsskille, september 2007