Yn 1952 kamen wy yn Nijtsjerk te wenjen om’t ús heit wurk krigen hie as sjauffeur by it ‘swart pakhús’, de firma Slagter en Zwart, oan it Ald Tún. Foarhinne wennen wy yn Mitselwier en ik ha ôfgryslik ûnwennich west. Mitselwier wie in hiel oar doarp as Nijtsjerk, mei allegear lytse steechjes om de tsjerke hinne en noch in drokke opfeart nei it doarp ta; no is dat de Skipfeartsein. Dêr wennen wy ek en dêr wie altiten foar ús as jonges wat te dwaan: skippen mei branje en alderhande materialen leine dêr oan, winterdeis ha’k dêr it reedriden leard en simmerdeis swommen wy yn de Súd Ie.
Nijtsjerk wie hiel oars, ik ha bot wenne moatten, op skoalle woe it ek net en master Sietse Wiersma sei dat ik dat skoaljier mar oerdwaan moast en doe waard it stadichoan better. Wy wennen oan de Langgrousterwei yn de yn 1919 boude ‘gemeentewenten’. Dêr wiene der 8 fan, yn blokjes fan twa.
Yn it earste blokje wennen Gaatse de Jong en Klaas Sijtsma. Sijtsma wie arbeider by Anne Ages de Jong op de Boate’ Hoeke, hy hie in stive skonk en neffens de ferhalen dy’t ik heard ha, hie er yn tsjinst in traap fan in hynder tsjin de knibbel krigen, hy wie dêr doe hynsteman.
Yn it twadde blokje wennen Wessel Dijkstra, boere-arbeider, en Johannes Pauzenga. Pauzenga wie ús buorman oare kant de stege, hy wie ierdappelhanler.
Wy, ús heit hiet Fedde Werkhoven, wennen yn it tredde blokje mei Marten Rispens en yn it lêste blokje wennen Marten Kooistra en Marten de Jong, trije ‘Martens’ op in rychje. Kooistra hannele wat yn lyts fee, lyk as geiten en kninen en Marten Eatzes hie oan de oare kant fan de wei in graanpakhús stean, no is dat de wente fan Pieter Wijtsma (Langgrousterwei 39).
Dy fjouwer blokjes hiene twa dammen as oprit en dêr tuskentroch wie noch in sleat by de wei lâns. Troch de stege tusken twa blokjes koe men efterhûs komme en dêr hie elk noch in flinke grientetún. WC’s wiene der doe noch net, dat elk hie in húske efterhûs mei in tontsje. Ienris yn de wike kaam Pieter Torensma de folle tontsjes omwikseljen foar in legenien. Wy hiene nochal in grutte húshâlding dat dy tonne wie nei in oantal dagen al fol, mar dêr hiene wy wat op fûn. Us mem naam in tydskrift, lykas de Libelle as de Spiegel, en treau de boel wat nei ûnderen, dan koene de fammen dêr noch in pear kear op. Wy as jonges rûnen efterhûs nei de kant fan de sleat ta en diene it tusken de reiden. O wee, as’t dan it papier fergetten hiest want dan moast it mei wat gers en dat wie behoarlik skerp oan’t gat!
Sneins nei tsjerketiid sieten wy te kofjedrinken en nei it earste bakje waard ús heit meast wat ûnrêstich, seach geregeldwei nei bûten. Nei it twadde bakje waard dat noch slimmer en doe krigen wy it yn ‘e gaten: hy wachte op Boate Kooistra, ús oerbuorman! As Kooistra bûtendoar kaam, seachst earst it puntsje fan in rikjende sigaar, dan waard dy sigaar grutter en dêrnei kaam Kooistra sels tefoarskyn. Hast noch nea sjoen hoe hurd ús âld man dan ta de doar út skeat, de dyk op: der soe fêst wat te bepraten wêze! Boate Kooistra, ús heit, Sijtsma, Pauzenga en dat timmermantsje dat dêr doe ek wenne, Johannes Kingma en wa’t noch mar mear oanskode. En mar prate en mar prate. Oan dy kant fan de wei wie ek noch in sleat mei brechjes dêroer as in daam. Myn broerke Bauke hie in lyts fytske, in trijetsjiller en dy soe ris hiel tûk oer sa’n brechje ride, mar dochs de sleat yn fansels. Hy kaam mei it einekroas yn it hier boppe wetter en raasde as in baarch dy’t slachte waard. Hy hie noch sa’n breiden broekje oan en troch dat smoarge wetter waard dy broek hast twaris sa lang, sa riek dat út.
Us heit hie yn’t pakhús mei de hân yn de jabiksljedder sitten en hie in finger brutsen. Hy koe net oan’t wurk en doe kaam der in fersekeringsman by ús thús om dat te bepraten. Dy man hie in hiele keale holle mei dêr boppe op in grouwe bult. Us Bokke seach dêr wakker nei, mar om’t er sa lyts wie, koed er dat net goed sjen. Hy soe op in stoel stean gean om dat better te besjen, mar ús heit hie dat yn ‘e gaten en sei: “Fan dy stoel ôf, do makkest ‘m smoarch.” Bokke gie nei de doar ta, pakte it matsje op, lei dat op de stoel en gie dêr op stean, sa makke er dy stoel net smoarch, no. Hy beseach dy bult ris en sei: “Sjoch, dy man hat in grutte bult op syn harsens.” Us heit wie wat mei de situaasje oan en ferûntskuldige him foar syn soan. “Och, hindert neat”, sei de man, ”ik bin soks wend, myn eigen bern drukke op dy bult en dan roppe se ‘Toet-Toet’”, wy leine yn in deuk fansels.
Sjouke fan de Tille, Sjouke van der Ploeg, wie in omke fan my. De man wie sa goed as bôle, mar botte skjin wie it net by him yn ‘e hûs. Geregeldwei giene ús mem en de muoikes in dei nei him ta om de boel wer wat skjin te meitsjen; alles waard himmele, in blomke hjir en dêr en dan koe it wer in tiidsje foarút, tochten se. Tochten se, want in wike letter koene se wer, want omme Sjouke liet de kninen en de hinnen yn de hûs los rinne en dy frieten de blommen op en makken der wer in soadsje fan. Alles rûn dêr by him it hûs yn, ek einen en markols. Sjouke wie ek fierstente grou want op’t lêst koe er syn jas net mear fêstkrije en dan bûn er dêr in stik tou om.
Us Bauke wie hynsteman by boer Gas (Feitsma ûnder Nes). De man hie altiten haast, hy wie ien fan de earsten mei in trekker en dan sei er ‘opsjitte jonges, gas’, sa kaam er oan syn bynamme. In kear rieden se mei in hynder-en-wein fan it lân ôf op nei hûs ta. It wie sneontemiddei, se moasten noch efkes nei de pleats om it lean op te heljen en dan wie it wurk dien. Us Bauke hie de leie beet en de boer siet neist him foar op de wein. Hokker hynder der foar rûn, wit ik net, mar dat hie fêst in bibelske namme: David, Goliath, Mozes ensfh. Efterop de wein sieten de Braaksma-jonges fan Bollingwier dy’t dêr ek arbeiden. Se hiene de fuotten oer de râne nei ûnder. ‘Wat tichter nei de sleat stjoere’, sei de boer. Bauke hie neat troch en sei dat er leaver midden op dy reed riden bliuwe woe. Noch wat tichter by dy sleat, sei de boer wer. Bauke die dat en yn in flauwe bocht joech de boer ynienen in skop tsjin it tiksel en Bauke skuorde, om net yn de sleat te belânjen, de wein om, de oare kant oer en dêrtroch swypke de efterein yn de rjochting fan de sleat en foar’t se’t yn ‘e gaten hiene, leine de Braaksma-jonges midden yn ‘e sleat. It wie in ‘grapke’ fan de boer, mar Bauke krige fansels de skuld en de mannen skolden mar op ‘dy ferrekte jonge’.
Mar Boer Feitsma hat ekris ferskriklik kjel west. Doe hie er Bauke opdracht jûn om it set, in foech brechje oer de Peazens tusken Nijtsjerk en Bollingwier, yn de karboleum te setten; dat set moast troch dizze boer ûnderhâlden wurde. Bauke mei in kwast en in amer karboleum dy kant út. Om ek ûnder dat set te fervjen, hie er in flotsje makke en sa gie er oan it wurk. Doe moast Bauke út ‘e broek, mar hy hie gjin sin om dat hiele ein nei de pleats werom te rinnen dat hy gie de reiden yn en dêr de broek út. Krekt doe kaam boer Feitsma der oan en Bauke doarst gjin lûd te jaan. De boer seach dy kwast, dy amer en dat lege flotsje en skrok omraak. Hy seach oeral om him hinne en yn de feart en raasde fan “Bauke, Bauke, wêr biste” want hy tocht fansels dat dy jonge fersûpt wie, it flotsje wie ommers leech! Doe moast Bauke tusken de reiden weikomme mei de broek op ‘e knibbels. Wat wie dy boer doe lulk, hy flokte der oer; hiest dochs lûd jaan kinnen net!, ik bin my kapot skrokken om dy!
Ien fan myn maten wie Jan Holwerda, soan fan slachter Tseard Holwerda dy’t doe oan de Boate’ Hoeke wenne. Jan wie ôfgryslike sterk en in kear doe’t wy oan it swimmen wiene yn de Peazens, earne by de Tille it fjild yn, hat er ien fan de Folkert Faber-jonges fan Bollingwier goed te pakken hân. Hy hie dy jonge sa beet dat er de knibbels hielendal stiif tsjin it liif drukt hie: dy koe gjin kant mear út. Doe hold er him ûnder wetter en helle ‘m dan wer proestend omheech. Dy jonge skelle en rache en dan dompele Jan him wer ûnder wetter, krekt op ‘e tiid wer omheech. Sa gie dat in hiel skoft troch, dy jonge wie alhiel yn ‘e macht fan Jan en wy, wy dogeneaten leine yn in stuip en lieten Jan gewoan syn gong gean. Dy jonge fan Faber sil der fêst nachtmerjes fan krigen ha.
Sa ha wy hiel wat belibbe yn dy jierren en ik soe noch in hiel skoft trochgean kinne. Oer Gerda fan Jabik en Trui Elzinga, myn grutte freondinne dêr’t ik altiten mei op it lân oan it wurk wie. As oer Sjoerd, har broer, dy’t har fyts yn ‘e prak ried doe’t er by de seedyk delkaam en tsjin it stek te pletter sloech. Dy fyts hat er doe mar yn ‘e sleat smiten, wie dochs neat mear wurdich, sei er. De âld man hat ‘m letter wer ophelje moatten. As oer Bokke en Sjoerd dy’t in fytstsjil as foartsjil fan in brommer brûkten en dêrmei de sleat yn skeaten, as oer.... Mar dat sil ik mar net dwaan want op myn 17de bin ik al út Nijtsjerk weigien, de see op. Oeral ha’k mei skippen hinne west, sawat de hiele wrâld oer. Dat binne hiele oare ferhalen. Mar no bin ik, nei oant myn 63ste ta op see west te hawwen, dochs wer yn Nijtsjerk telâne kaam, oan de Grienewei.
Colofon
De Doarpsskille Reuny Edysje, september 2012