Froukje Annema-Noordenbos
By it reekommen fan de doarpsfernijing hat Doarpsbelang it inisjatyf naam ta in tinkstien op de Boate Hoeke’ foar Froukje Annema-Noordenbos. Mei hjirop de hoopfolle tekst ‘En dochs wurdt it wer maitiid’. It is ûntwurpen en foar in part makke troch de Nijtsjerkster keunstner Pieter Heijnen en ûntbleate op 9 july 1999.
Myn widze die stie op ‘e klaai boppe Dokkum;
de wrâld wie dêr tichtplakt mei krantepapier,
it wie dêr sa kâld en it waait as de sykte;
teminsten dat seit men, mar dêr ’s neat fan wier.
Froukje Noordenbos waard 9 maaie 1941 berne op in pleats op Berchhuzen ûnder Easternijtsjerk. De pleats mei de grêft en de nageltsjebeam. Nei de Mulo yn Dokkum folge Froukje Noordenbos in oplieding ta beukerliedster, in berop dat se ek in tal jierren útoefene hat yn Ternaard.
Doe’t Froukje tweintich jier wie, kamen har heit en mem by in ûngemak om it libben en moast se har âlden, mar ek har âlderlik hûs misse. Se troude mei Marten Annema en se krigen trije soannen. Se wennen tweintich jier yn Drachten. Yn 1988 ferhuzen se nei De Rottefalle. Op 20 july 1998 is se rêst en te hôf brocht yn har wenplak De Rottefalle. Se waard 57 jier.
Froukje begûn har skriuwen troch in oprop yn de Ljouwerter Krante foar fakânsjeferhalen. Dizze proazakriich hat hja in oantal kearen wûn.
Marten en Froukje makken tegearre in reis nei Denemarken dêr’t se it paad bjuster rekken. Nei lang omdangeljen fûnen se lykwols in sliepplak, mar iten hiene se net by har. Dop-apenuten moasten dy deis foar it jûnsmiel soargje. Dy doppen op it dekbêd wiene de oanlieding foar har earste ferhaal. Letter stjoerde se in ferhaaltsje nei wikeblêd Margriet, dat ek publisearre waard. En wurke se mei oan de Fryske Libelle.
De boeken en toanielstikken fan Froukje wiene tagonklik, byldzjend en werkenber skreaun. Froukje wie bot ynteressearre yn minsken en observearre sekuer. Har styl fan skriuwen wie noflik, libben en mei komyske aksinten. Har geheim wie dat se mei har ûnderwerpen hiel ticht by de minsken stie. Se woe it aldendeiske libben bringe mei in krûmke humor. It skriuwen wurke ek terapeutysk, har gefoelens koe se yn har romans ûnder wurden bringe. Har deiboeken brûkte se om har wer yn te libjen yn de hûd fan in famke fan njoggentjin. Troch har djipminsklike boeken is se fan grutte en bliuwende betsjutting foar har lêzers.
Yn de santiger jierren begûn se mei it publisearjen fan koarte ferhalen. Se fernaam doe dat se har it bêste uterje koe yn har memmetaal, it Frysk. Se wie in alsidich skriuwster dy’t mei súkses ferskate sjenres beoefene, ûnder mear toanielwurk, kabaretteksten, berneboeken, dichtwurk en romans. Har earste roman, ”Twasprong”, kaam yn 1988 op ‘e merke, se skriuwt dêryn oer in jonge frou út de Dongeradielen. Yn 1990 waard it koarte ferhaal ”Dyn kânsen binne goed” bekroand mei de Gysbert Japikspriis. Yn dit ferhaal skriuwt Froukje foar it earst oer har sykte, boarstkanker. Yn ”Sûnder garânsje” en ”Heit” komt dit ûnderwerp werom. Har lêste grutte wurk wie it jûnfoljende toanielstik ”Treast mei sûker en molke” dat yn jannewaris 1998 yn Nijegea foar it earst opfierd waard.
Froukje wurke foar Frysk en Frij en de Friesland Post en siet yn de redaksje fan de Fryske Bernekrante. Hja skreau acht toanielstikken yn it Frysk, dy’t allegear oerset binne yn it Nederlânsk. “It Perron” waard sels oerset yn it Dútsk as “Der Bahnsteig” en is opfierd yn Bonn. Grut sukses hie hja mei har lêzings foar de NCVB en de Plattelandsvrouwen en somtiden foar de Vereniging van Huisvrouwen. Sokke optredens barden yn hiel Fryslân en inkeldris dêrbûten. Hja skreau ek ferskes, û.o. foar Joop Veenstra. Se diene mei oan it AVRO Songfestival mei Gerrit den Braber en wûnen dêr mei it nûmer “Jobbegea tredde slús’. Ek it liet “Ús doarp” is skreaun troch Froukje.
Lang is ’t ferlyn dat ik myn doarpke farwol sei,
mar al dy jierren fergeat ik it net.
Want wêr’t ik ek bin, wêr’t ik reizgje of doarmje,
myn berteplak dat nim ik mei yn myn hert.
Tekst: Annie Bremer