In kop fol bylden


In kop fol bylden
©: Frysk en Frij

Op 19 jannewaris 2003 waard troch útjouwerij Frysk en Frij in oantal nije boeken presintearre. Ien dêrfan wie “In kop fol bylden en oare ferhalen” fan Froukje Annema-Noordenbos, ús Nijtsjerkster skriuwster dêr’t in tinkteken fan stiet op it pleintsje by de Boate’ Hoeke.
Men mei dat wol bysûnder neame om’t dit boek útkomt nei’t Froukje yn 1998 yn De Rottefalle ferstoarn is, in soarte fan earbetoan kin men der yn sjen. Ek bysûnder is dat de ferhalen in oersjoch foarmje fan har wurk troch de tiid hinne. It earste ferhaal hat se skreaun yn 1973 en it lêste yn 1997. Yn it boek steane de 50 opnommen ferhalen yn tyds-folchoarder fan ferskinen en dus kin men de ûntjouwing fan Froukje as skriuwster moai folgje. Der steane njoggen ferhalen yn it boek dy’t wol earder ferskynd binne (yn krante as sa) mar dy’t noch net earder bondele wiene.
De ferhalen bestrike it hiele libben fan gewoane minsken, beskriuwe tige werkenbere situaasjes (sjoch: “Wykein”) en de humor komt gauris om de hoeke sjen lyk as yn “Diederick”, wêryn’t it ferneamen fan de âlders in rol spilet (heit hyt fan Durk en fynt net dat er ferneamd wurden is omdat it berntsje Diederick as namme meikrigen hat, mem ferdigenet de bern: se ha de namme in bytsje feroare!).
Somtiden komme de emoasjes nei boppen, bygelyks yn it krystferhaal “De hoeder mei de brutsen earm”.
It boek is in oanrieder foar elkenien dy’t fan koarte humoaristyske ferhalen hâldt en in waarm plakje hat foar ús âld-Nijtsjerkster skriuwster (wêrfan’t trouwens mar min boeken te besetten binne, wêr soene dy allegear wêze?)

“In kop fol bylden en oare ferhalen” fan Froukje Annema, 287 bledsiden en in koarte bibliografy mei in oersjoch fan har wurk, sammele troch Mentha de Jong en Goasse Brouwer.

Colofon

De Doarpsskille, maart 2003

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: Frysk en Frij
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s