Yn 1871 giet Feije Jans Dijkstra fan de pleats ôf dêr’t Jouke Hoekstra no wennet, Bollingwier 2. Reitze Idses Bierma en Froukje Feijes Dijkstra (de dochter fan Feije Dijkstra) buorkje dêrnei op dizze hiele âlde pleats, mooglik fan sawat 1750. Spitich dat dizze prachtige pleats letter ôfbaarnd is.
De soan fan Reitze en Froukje, Feije Reitzes Bierma, berne yn 1864, en syn frou Sibbeltje Kloostra begjinne sawat yn 1900 op dit bedriuw, se wenje dan by heit en mem yn.
As de âlde Reitze Bierma komt te ferstjerren yn 1918 moatte sy eins de pleats o