Sunte Cecilie


Sunte Cecilie
©: Erthee

Ynienen hinget se dêr: Sint Caecilia !! Oan in muorre fan de Salon Louis IV yn it kastiel Chermonceaux, in kastiel dat foar in grut part prachtich boppe de rivier boud is. Op ús fakânsje yn Frankryk wurde wy ynienen konfrontearre mei de beskermhillige (de patroanesse) fan de tsjerke yn ús doarp. It is de oanlieding om ris wat djipper yn te gean op de persoan Cecilia, want dêr is yn De Doarpsskille noch net earder wat oan dien.

Earst efkes oer de skriuwwize: Sint Caecilia is de Latynske foarm, Sint Cecilia wurdt almeast yn Nederlân brûkt en Sunte Cecilie stiet yn in akte út 1415 wêryn’t dúdlik wurdt dat hja de beskermhillige fan de tsjerklike gemeente fan (Easter)Nijtsjerk is.

Ofkomst

Om de âldste Roomske hilligen binne safolle leginden (en mearkes?) ferteld dat net altiten mear dúdlik is wat no wier en wat no optocht is. Wol is it sa dat de leauwende minske yn de begjintiid fan de tsjerke in protte oan sokke hilligen hân hat en dat har ferearing in djippere betsjutting hie.

Fan Cecilia wurdt oannaam dat se út de rike Romeinske famylje Caecilia Metella kaam en dat hja sawat 200 jier nei Kristus berne is. Har marteldea wurdt set yn 230 (mar ek it jier 177 wurdt neamd, ûnder keizer Marcus Aurelius 161-180).

Yn dy tiid wiene der noch net folle kristenen ûnder de rikere lju yn Rome mar Cecilia fielde har oanlutsen ta dit nije leauwe, besocht gearkomsten yn de katakomben dêr’t de martelders begroeven waarden en liet har dope. Hja lei tagelyk de belofte ôf dat hja alhiel fan Kristus wêze en net trouwe soe. Har âldelju hiene dêr gjin boadskip oan en doe’t Cecilia 16 jier âld wie, joegen se har oan Valerianus, in soan fan it romrofte geslacht fan de Valerii.

Wylst de muzyk op de brulloft spile, song sy yn har hert allinne foar de Heare en frege at Hy har helpe woe om har belofte om maagd te bliuwen, yn stân te hâlden. De Heare seit ta dat in ingel har helpe sil.

Yn de houliksnacht seit Cecilia tsjin Valerianus dat er har net oanreitsje mei oars sil de ingel him deadzje. Se fertelt him dat se kristen is en as Valerianus seit dat er dy ingel wolris sjen wol, antwurdt Cecilia dat er him dan troch paus Urbanus dope litte moat. Hy docht dit en dan sjocht er echt de poatige ingel dy’t syn frou mei roazen en leeljes bestruit.

De oare deis hellet er syn broer Tiburtius oer om him ek by de kristenen oan te sluten en tegearre dogge se in protte goed foar de jonge kristen-gemeente yn Rome. It is krekt in tiid fan ferfolgings en ek de beide bruorren wurde oppakt en feroardield ta de dea om’t hja de martelders foar it kristlike leauwe begroeven en de gemeente safolle mooglik stipen en de keizer net as god ferearje woene. Foar’t se ûnthalzge wurde, slagje se der yn om in protte fan de soldaten dy’t har opbringe moatte, noch te bekearen ta it kristendom.

Nei Valerianus en Tiburtius is ek Cecilia oan bar. Nei fiif moanne kriget se de opdracht om de goaden in offer te bringen en sa te bewizen dat se heidinne is. Cecilia wegeret dat en moat foar rjochter Almachius ferskine. Ek foar de rjochtbank tsjûget hja fan har leauwe en de rjochter kin neat oars dwaan as har feroardielje. Hy doar it lykwols net oan en lit har yn it iepenbier terjochtstelle. It moast yn it geheim barre yn har eigen hûs.

Hja waard opsleten yn it “caldarium”, de keamer yn de huzen fan rike Romeinen dêr’t se har wosken mei stoom. It caldarium waard sa hyt mooglik opstookt mei de bedoeling Cecilia stikke te litten. Dit slagget net en dan lit Almachius de boal stjoere dy’t har trije kear in swurdslach jout. Mar ek dan is Cecilia noch net út har lijen. It is de boal lykwols net tastien om mear as trije slaggen te jaan en sa libbet Cecilia noch trije lange dagen. Yn dy tiid komme in protte kristenen by har om har te treastgjen en ek paus Urbanus komt by de stjerrende frou. Oan him seit Cecilia noch foar har dea dat al har besit foar de earmen is en dat har hûs in tsjerke wurde moat. Nei har dea wurdt hja begroeven yn de hâlding sa’t hja stoar.

Nei har dea

It duorre net lang as Cecilia waard ien fan de grutte hilligen, sels ien fan de saneamde “primaire heiligen”, de sân froulju dy’t neamd wurde yn de allerearste kanon fan de hilligen yn de Roomske tsjerke, dy’t libben tusken 200 en 400 en allegear as martleres stoarn binne.

Mooglik om’t hja op 22 novimber stoarn is, waard dat de “Sint Ceciliadei”, de dei dat men har ekstra earde mei staasjes en sa.

Der waard yndied in tsjerkje oer har hûs hinne boud, dat nei 800 ferfongen waard troch in prachtige basilyk, de “Santa Caecilia in Trastevere”. Har lichem wie doe weiwurden mar yn in dream makke hja oan paus Paschalis de Hillige bekend wêr’t har lichem lei en dat waard doe yndied fûn en mei Valerianus en Tiburtius yn de nije tsjerke begroeven.

Yn 1599 waard de tsjerke restaurearre en doe kaam der in houten kiste foar it ljocht mei dêryn it lichem fan de hillige Cecilia dat alhiel geef wie, allinne in lytse sneed yn ‘e hals liet sjen wêr’t de boal har ûnthalzge hie. Hja lei op har rjochterside, de holle de oare kant oer en dutsen mei in wale, hja stuts trije fingers omheech, foar de minsken fan dy tiid it bewiis dat hja dêrmei op de Trije-Ienheid doelde. In keunstner krige de opdracht om har krekt sa ôf te byldzjen en sa is hja noch altiten te bewûnderjen yn har eigen tsjerke yn de folkswyk Trastevere.

Cecilia en de muzyk

Oant no ta is der noch gjin ferbân besprutsen fan Cecilia mei de muzyk. Dy ferbining is eins by ûngelok tastân kaam. Yn it officie op har feestdei stie sûnt de achtste ieu: 'Terwijl de instrumenten klonken, zong zij in haar hart alleen voor de Heer en zei: Heer, moge mijn hart en mijn lichaam onbevlekt blijven, opdat ik niet beschaamd worde'. Dizze sin waard letter ynkoarte ta 'terwijl de instrumenten klonken, zong Cecilia voor de Heer'. Dat seit ús noch altiten net folle mar yn it Latyn wurdt it dúdliker: 'Cantantibus organis Caecilia Domino decantabat'.

Dat 'organis' koe ek as “oargel” oerset wurde en dan stiet der dat Cecilia ta de Heare sjongt en harsels begeliedt op it oargel. It is wol apart dat Cecilia dy’t har op de brulloft ôfslút foar de muzyk om har hinne om mei de Heare te praten, no krekt de patroanesse fan de muzyk wurdt! Hillige fan de muzyk waard se lykwols pas yn de 15e en 16e ieu. It begûn yn de Nederlannen en kaam pas letter nei Itaalje, wylst men oarsom ferwachtsje soe.

Der binne in protte skilderijen bekind mei dêrop ôfbyldingen fan Sint Cecilia, it âldste fan 1480 fan Geertgen tot St Jans, mar ek fan hiel ferneamde skilders lyk as Rafaël (1514) en Conca. Yn it earstoan is der in lyts oargeltsje te sjen mar dat wurdt almaroan grutter, lyk as it oargel op it skilderij dat wy yn Chermonceaux seagen.

Sint Cecilia kaam nei Easternijtsjerk om’t Freark fan Hallum har sa graach mocht as hillige. Hy wie de abt fan kleaster Mariëngaarde dat mooglik de tsjerke fan ús doarp boud hat, sawat yn 1200.

Hjoeddedei binne der tsientallen muzykferienings dy’t har Sint Caecilia neame, tik dy namme mar ris yn op Google, benammen yn it suden fan ús lân en yn België.

Sint Cecilia is dus te herkennen as in frou mei in palmtak (as roazen en leeljes) op ‘e holle, in swurd yn ‘e buert en dan benammen muzyk-ynstruminten, it oargel foarop. Hja waard de patrones fan fanfares, ynstrumintmakkers, koarknapen, muzikanten, oargelisten, oargelbouwers, fioelbouwers en sjongers. Sels in pear hjoeddeiske nammen binne noch oan har namme ûntliend; wa’t Chiel, Sheila as Sil hyt, tankt syn as har namme oan Cecilia.

Har feestdei is 22 novimber en dêrom is it wol tapaslik dat dizze Doarpsskille krekt op dy datum yn 2008 ferskynt !!

© Tekst: Erthee © Foto voorblad: Erthee
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s