Yn 1955 kamen Romke en Corrie Adema fan Kollumersweach nei Nijtsjerk ta. Hja kochten in winkeltsje oan De Lyts Ein oer fan Taekele Soepboer.
Dat hûs is der no net mear, mar stie neist de bakkerij fan Buwalda, no is dêr de tún fan Durk en Tineke Slager. Hja wiene net de iennichste winkellju yn Nijtsjerk want yn
De Buorren 19 hie Klaas Soepboer in Spar-winkel en yn
De Buorren 11 hie widdo Ymkje Terpstra in 4=6-winkel.
Dan binne wy der noch net want yn
Langgrousterwei 6, letter kosterswente, hie Tamme de Vries in Enkabé-winkel.<